Terapy in it Frysk
Frysk sprekkende minsken binne ek wolkom yn myn praktyk. Yn de rin fan dyn libben komsto soms yn omstannichheden terjochte wêrfan do it gefoel hawwe kinst der net (mear) yn dyn ientsje út te kommen. Foar dit soart situaasjes kin de wei nei in therapeut of coach in wichtige stap weze.
Do kinst yn myn praktyk terjochte foar ferskillende fragen. Tidens de therapie of begelieding learsto omgean mei lestige situaasjes yn dyn libben, of dit no om persoanlike of wurkrelatearre fraachstikken giet.
Ik nedich dy dêrom fan herte út om yn in moeting in myn praktyk tegearre te ûndersiken of ik wat foar dy betsjutte kin.
Gestaltpsychotherapie is in ervaringsgerichte foarm fan therapie dy sjocht nei de minske as hiel en útgiet fan it prinsipe dat elkenien yn stiet is oant feroaring.
Gestalttherapie jout oandacht oan de wikselwurking tusken dy en dyn omjouwing yn it hjir en no. Hoewol do dat faaks net ferwachtest, giet krekt yn it kontakt mei dyn omjouwing soms wat net goed. Yn therapie wurst do stipet by it krijen fan it bewustzijn oer gedrach, gefoelens, tinzen en emoasjes dy ûntstean yn kontakt mei dyn omjouwing.
Troch kontakt te meitsjen mei dyn eigen belibbing en ferlet, learsto op in kreative manier mei dyn problemen om te gean wêrtroch earder yn dyn libben fêstsette gedrag wer yn beweging komme kin. Hjirtroch ûntstiet de mooglikheid om ferantwurdlike keuzes te meitsjen en in passend antwurd te jaan op fragen dy't de realiteit oan dy stelt.
Gestalttherapie hâldt him net dwaande mei wêrom do watstocht, mar benammen hoe do datstocht. Hoe do sprekst, sjochst en dy werom lûkst, seit in soad oer hoe do kontakt makkest mei de oar en wat der mooglik ferkeard rint yn dat kontakt. De oandacht leit dan ek mear by it proses dan by de ynhâld fan wat der sein wurdt.
It kontakt tusken de therapeut en de kliïnt is hjiryn de wichtichste factor. Der is benammen sprake fan in gelykwaardige moeting tusken dy en de therapeut.
Kontakt
Foar fragen of om in ôfspraak te meitsjen kinsto op de folgjende manier kontakt mei my opnimme:
![]() | 06 24835516 (op wurkdagen, tusken 9AM-6:30PM) |
Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. | Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. |